Yn 1969 bin ik yn Genève berne. Ik studearre ôf oan de konservatoaria fan Genève (fioele, solfêzje) en Amsterdam (altfioele, keamermuzyk), oan de Universiteit van Amsterdam (cum laude, yn de psychologyske metoadelear, arbeids- en organisaasjepsychology, sosjale psychology en yn de klinyske psychology) en Nyenrode (bedriuwskunde en MBA). Neist sûnenspsycholooch en gedrachsterapeut bin ik psychoterapeut en wurkje ik sûnt 2006 by de polyklinyk Angst en Dwang fan de GGZ inGeest yn Amsterdam yn de tradysje fan de evidence-based praktyk.
Yn 1989 ferhuze ik fan Switserlân nei Nederlân om by Herman Krebbers yn de lear te gean. Yn de jierren '90 wie ik acht jier as altfioelist ferbûn oan it Koninklijk Concertgebouworkest, dêrnei ha ik in skoftke lesjûn oan de VU (klinyske psychodiagnostyk) en op Nyenrode (statistyk) en wurke as konsultant strategy en ICT by KPMG Consulting. Fan 2001-2008 joech ik ynternetbehannelingen by Interapy. Yn 2008 ha ik tagearre mei myn learmaster en kollega prof. dr. Sako Visser in lêzing jûn by de lanlike nijjierskonferinsje fan de feriening foar gedrachsterapy en kognitive terapy (VGCt), dêr't it brûken fan fideo-opnames yn terapy yn demonstrearre waard. Yn 2010 bin ik wer by de VGCt útnoege, ditkear yn ferbân mei de groepsmodule "Interoceptieve exposure" en om selshelpfideo's te demonstrearjen. Mei myn kollega Lotte Sluis sette ik stoomkursussen klaustrofoby en hichtefrees op dy't tige súksesfol blykten te wêzen. Dizze kursussen waarden respektivelik ôfsletten mei it nimmen fan 'e lift nei it terras fan 'e iepenbiere biblioteek yn Amsterdam en mei it rinnen oer in hege brêge. Yn 2011 haw ik in exposuregroep foar minsken mei sosjale foby opset en is myn selshelpboek Plankenkoorts útkaam.
De ôfrûne jierren bin ik regelmjittich te hearren as sjonger, pianist, fioelist, trompettist, ferteller en klarinettist, faak ûnder myn artystenamme Rob du Jardin, en skriuw ik wol ris in kolumn of in ferske. Yn 2009 wûn ik de publykspriis by it Fryske sjongfestival Liet en yn 2010 en 2011 siet ik mei oare artysten op 'e nij yn 'e finale. Yn 2010 ferskynde ek Binnentún, in bondel Frysktalige haikûs fan Tryntsje van der Veer mei foto's fan Ouke Kooistra en in cd dêr't Tryntsje en ik de haikûs om bar op foardrage, ôfwiksele mei muzykymprovisaasjes op piano en fioele. Dêrneist is de jazzy single-cd Fakânsjeblues, mei Wiebe Kaspers en Jan-Ruerd Oosterhaven útbrocht en wurkje ik gear mei artysten as Carolien Hunneman, Grytsje Kingma en Annie van Zanten. By it iepen poadium fan Cantina Vocaal yn Amsterdam bin ik regelmjittich te gast. Myn foarstel foar in "toanielstik yn Dada7-styl" is publisearre yn it Fryske literêre tydskrift Ensafh. Ek hat de film Nieuwjaarsduik Sloterplas, dy't ik mei Jan de Vries makke ha, de WIF-prijs fan CreAmClub wûn.
Enerzjy en ynspiraasje fyn ik foaral troch fariaasje, troch hieltyd leare te wollen, troch besinning en moetingen by team- en doersportaktiviteiten sa as follybal, it lange-ôfstânkuierjen en Alvestêdetochten. Mar ek troch it libben, as it efkes kin, net al te earnstich te nimmen, mar te genietsjen fan de lytse dingen yn it hjir en no. |
 |